Soad skea by ynbraak Aldi

25 feb 2008 - 14:10

Supermerk Aldi yn de Ljouwerter wyk Bilgaard is oant en mei tiisdei ticht fanwege in ynbraak. Meiwurkers hawwe beide dagen nedich om de winkel wer op oarder te krijen. De ynbrekkers hawwe in soad skea oanrjochte. Se hawwe ûnder oare TL-buizen stikken slein. Dêrtroch binne in soad produkten ûnferkeapber wurden.

De skea rint yn 'e tûzenen euro's. De ynbraak wie yn 'e nacht fan snein op moandei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)