Soad skea troch fernielerij

07 jul 2006 - 10:10

De trije jongeren dy't earder oanhâlden binne foar fernielerij ha foar 20.000 euro oan skea oanrjochte. De trije ha al bekend dat se by de fernielings fan brievebussen en autospegels yn Frjentsjer en Winaam belutsen wiene.

Nei in oprop yn de media ha goed 100 minsken mei skea har melden by de plysje. De jongeren, 15 en 16 jier, binne nei ferhear wer frijlitten. Se sille noch wol ferfolge wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)