Soad skea by kafee De Zaak nei grutte brân yn Dokkum

25 sep 2015 - 12:53

De gevel fan kafee De Zaak yn Dokkum dy't yn de nacht fan tongersdei op freed folslein útbaarnd is, moat stut wurde. Fanwege it ynstoartingsgefaar meie omwenners net earder nei harren huzen ta. Boufakkers binne drok dwaande mei it stutwurk. De Boterstrjitte, dêr't it kafee oan stie, is dêrom ek ôfsletten foar publyk. De winkels direkt njonken it kafee hawwe ek grutte skea oprûn.

Neffens brânwachtwurdfierder Marten Klaas Brinksma stie der sa'n 5 sintimeter bluswetter yn de Wibra. Hoe't de brân krekt ûntstean koe, is noch net dúdlik. As de sitewaasje feilich is, start de plysje in ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)