Soad skea brân skiphûs Grou

05 maaie 2011 - 11:02
  • Foto: Omrop Fryslân/Roelof Lousma

De skea troch de brân yn in skiphûs yn Grou rint yn de tonnen. By de brân dy't tongersdeitemoarn om trije oere útbruts, giene trije boaten yn flammen op. Ek it dak en de houten ombou fan it skiphûs rekken flink skansearre. Sa'n tsien oare boaten rûnen skea op troch ranend plestik en reekdieltsjes.

By de brân is asbest frijkaam wêrfan't in part yn it gers bûten it skiphûs en op de boaten sels leit. De oarsaak is net bekend, de brânwacht tinkt oan koartsluting yn ien fan de boaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)