Soad skea by brân Holwert

24 des 2003 - 00:00

In útslaande skoarstienbrân hat woansdei in wente oan 'e Foarstrjitte yn Holwert foar in grut part fernield. De brân ûntstie nei alle gedachten troch smoargens yn 'e skoarstien. De bewenners ha yntusken earne oars ûnderdak fûn. Der rekke by de brân nimmen ferwûne.

De brânwacht bestried de brân mei twa auto's en alve brânwachten. De brânwacht hie it fjoer nei in oere ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)