Soad skea by brân Harns

30 okt 2000 - 12:32

De brânwacht fan Harns moast dit wykein twa kear yn aksje komme foar deselde brân. Sneontemiddei kaam de earste melding fan in brân by twa monumintale gebouwen oan de Suderhaven.

Hoewol't de brânwacht wol neibluste, lôge it fjoer snein dochs wer op. Ien fan de monumintale huzen is folslein ferlern gien. De skea is grut, ek al om't der in soad antyk yn 'e hûs stie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)