Soad sjogge op stimwizer

05 mrt 2007 - 12:11
  • Yn de stimwizer sit ek in fraach oer de motorreaubelesting

In soad Friezen meitsje gebrûk fan de Fryske ferzje fan de Nationale Stemwijzer foar de steateferkiezings. Dat docht bliken út sifers fan it Instituut voor Publiek en Politiek dy't ferantwurdlik is foar de ynternetside.

Sa'n 11.000 Friezen hawwe fia de digitale stimwizer útsocht op hokker politike partij se 7 maart stimme sille. Nei ferwachting rint dat noch op oant 20.000 stimadvizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)