Soad seehûnejongen oanspield

31 des 2011 - 09:23

In kombinaasje fan hurde wyn en heech wetter hat der foar soarge dat der freed op de Waadeilannen ferskate seehûnejongen oanspield binne. Benammen op it strân fan Skylge wie dat it gefal, mar ek op It Amelân waarden de jonge bisten fûn. Yn in oantal gefallen kaam help te let en wiene se al ferstoarn, achttjin libbene binne oerbrocht nei de seehûnekresj yn Pieterburen. Ek fiif sike folwoeksen seehûnen giene mei nei de opfang.

Om de bisten ûnderdak te jaan is de tinte dy't al ekstra op it terrein fan de seehûnekresj stie flink útwreide.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)