Soad sedesaken yn Snits

02 jun 2003 - 00:00

Snits skoart opfallend heech mei sedemisdriuwen. Dat docht bliken út in ûndersyk dat it Algemeen Dagblad yn hiel Nederlân dien hat. Mei alve ynsestgefallen folget Snits bygelyks fuort nei Amsterdam, Rotterdam en Ljouwert.

Plysje en gemeente binne fernuvere troch de sifers. Ferline jier hie de gemeente, mei 32.000 ynwenners, njoggen ferkrêftingssaken, 11 ynsestoanjeftes, 4 oanrandings en 14 kear ûntucht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)