Soad rûnliedings yn Achmea-toer

09 feb 2001 - 17:22

Boubedriuw BBF hat in hûd fol wurk oan it fersoargjen fan rûnliedings yn de nije Achmea-kantoartoer yn Ljouwert. Bedriuwen en organisaasjes út it hiele lân wolle witte hoe't der boud wurdt.

BBF hat in spesjale folder meitsje litten om tekst en útlis te jaan oan nijsgjirrige besikers. Partikulieren krije gjin rûnliedings. De oplevering fan de toer stiet pland op 1 oktober.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)