Soad rôffûgels deamakke

05 jul 2010 - 12:36

By de Fryske Miljeu Federaasje binne al 104 meldings binnenkaam fan rôffûgelferfolging, de helte mear as de ôfrûne jierren. De taname komt fral trochdat der mear melders binne en de minsken bettere ynstruksjes krigen ha.

Alles is werom te sjen op de webside Roofvogels in Beeld.nl, dêr't in kaartsje stiet mei alle bekende gefallen fan rôffûgelferfolging. Der binne lykwols noch grutte hoeken fan Fryslân dêr't gjin ynformaasje oer rôffûgelferfolging fan bekend is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)