Soad Renaults by de garaazje

01 des 2012 - 12:19

Oerproduksje by autoprodusint Renault yn Frankryk soarget foar folle parkearplakken by dealers yn Fryslân. De Fryske dealer ABD hat yn ien kear 315 auto's kocht dy't yn Frankryk net te ferkeapjen binne. De Frânske autofabriken ha slim te lijen fan de ekonomyske krisis. ABD hat festigingen yn Drachten, Ljouwert, Snits en It Hearrenfean. Yn Nederlân giet it mei de ferkeapen fan Renault folle better as yn in soad oare Europeeske lannen. Dat hat te krijen mei belestingmaatregels dy't geunstiger binne foar sunige modellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)