Soad reklamebuorden yllegaal

16 apr 2004 - 00:00

Yn Gaasterlân-Sleat binne hast alle reklamebuorden yllegaal. Fan de 550 reklamebuorden yn de gemeente binne der 470 yllegaal delset.

De buorden stekke te folle út of binne midden yn it paad delset. Ek steurt it gemeentebestjoer him oan guon grutte lettertypen. De eigners moatte de buorden no opromje. De 'romtlike fersmoarging' is benammen te finen yn winkels, greiden en by minsken yn de tún.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)