Soad reek by brân yn Kimswert

11 jul 2015 - 07:24

Der hat freedtejûn let brân west yn in opslachromte njonken in wenhûs oan de Grutte Reed yn Kimswert. It fjoer drige oer te slaan nei it wenhûs, mar dat koe de brânwacht foarkomme.

By de útslaande brân kaam in soad reek frij. Omwenners moasten harren doarren en ruten ticht hâlde. Oer de oarsaak is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)