Soad reek by brân Eastersee

Foto Omrop Fryslân/Auke Zeldenrust

In brân yn Eastersee hat tongersdei ta in soad reekûntwikkeling laat. By bedriuw Metaalplus oan de Hearewei bruts om healwei fjouweren hinne brân út. Se meitsje dêr koaien foar op heftrucks. De koating dy't dêrop komt moat droegje yn ovens. Nei alle gedachten is ien fan de kachels yn de oven yn brân flein. De fjirtich meiwurkers koene op 'e tiid út it gebou komme. De brânwacht wie gau te plak en hie it fjoer rap ûnder kontrôle. Fanwege de reek hat de Hearewei ôfsletten west foar it ferkear. Hoe grut de skea krekt is, is noch ûndúdlik.


Besjoch ek...

17 mei 2012 - 10:24
16 mei 2012 - 17:10
15 mei 2012 - 07:21
13 mei 2012 - 14:08
13 mei 2012 - 07:42

(advertinsje)

(advertinsje)

It nijs yn 1 minút

(advertinsje)

Reade Tried

Alle swangere froulju moat it rjocht hawwe om thús te befallen.:

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.

Nijs NOS.nl