Soad reaksjes op Fryske eed

01 maaie 2013 - 16:43
  • Lutz Jacobi

De Fryske eed by de ynhuldiging fan tiisdei yn Amsterdam foel de nije kening ek op. Dat seit PvdA-Twadde-Keamerlid Lutz Jacobi. Se die woansdei mei oan de 1 maaie-fiering op It Hearrenfean.

Tiisdei song se noch it Wilhemus en woansdei de Ynternasjonale. Jacobi krige in soad reaksjes op har eed yn it Frysk. Sjoch nei de reportaazje yn Hjoed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)