Soad reaksjes Merk Dokkum

07 maaie 2008 - 21:16

Oant no ta 32 minsken hawwe harren miening jûn oer de takomst fan De Merk yn Dokkum. Woansdei wie de earste dei dat ynwenners by de gemeente oanjaan koene wat der mei it plein barre moat.

De gemeente leit trije plannen oan ´e ynwenners foar: it plein kin foar in grut part beboud wurde, der kin in iepen ramt neiboud wurde fan in abdij dy´t der ea stie, of it plein kin in beskieden renovaasje ûndergean. Oant 18 maaie kin stimd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)