Soad reaksjes by Fryske Gea

03 nov 2006 - 10:37

By it Fryske Gea komme alle dagen tsientallen e-mails en telefoantsjes binnen fan minsken dy't har soargen meitsje oer de ynsletten hynders by Marrum. In soad minsken binne lilk en brûke termen as 'dierebeul'.

Yn har eagen is it Gea ferantwurdlik foar de situaasje. Oant no ta ha twa lilke minsken har lidmaatskip fan it Fryske Gea opsein. Mar der binne ek in soad minsken dy't de lânskiporganisaasje júst stypje wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)