Soad reaksjes aprilgrap Omrop

01 apr 2011 - 08:36
  • Dirk Baron skriuwt reaksjes op
  • Femke de Walle praat mei Pieter Duijff fan de Fryske Akademy

Harkers fan Omrop Fryslân binne freedtemoarn manmachtich yn in 1 aprilgrap fan de Fryske radio trape. De útstjoering wie fan seis oere ôf yn it Hollânsk. Neffens haadredakteur Van Friesland gie it om in proef, ynjûn troch finansjele krapte. It Hollânsk soe mear advertearders lûke moatte.

In soad harkers uteren har lulkens oer de proef. Mar ek in soad minsken hiene yn de gaten dat it om in grap gie. Fan acht oere ôf gie de radio wer oer yn it Frysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)