Soad reaksje op Carglass Halbe

11 jan 2012 - 16:47

De Frysktalige reklame fan autorútskeabedriuw Carglass ropt in soad reaksjes op. Op twitter wie it sels ien fan de meast besprutsen saken fan Nederlân.
It filmke is ein desimber opnaam by in pleats yn Aldebiltsyl. Haadrolspiler Halbe is yndied monteur. De reklame is op de lanlike televyzje te sjen. Op ynternet is al in parody te finen. Dy driget populêrder te wurden as it orzjineel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)