Soad publyk foar Fean-Newcastle

25 jan 2005 - 14:09

Der binne sneon hast 9000 kaarten ferkocht foar de UEFA Cup-wedstryd SC Heerenveen tsjin Newcastle United op 17 febrewaris. Dat oantal is mear as de klub ferwachte hie. It systeem foar de kaartferkeap is om dy reden feroare.

Seizoenkaarthâlders koene earst twa kaarten keapje, mar meie der no noch mar ien helje. De ferwachting is dat hast 20.000 minsken de wedstryd sjen kinne, om't in part fan de nije súdtribune dan yn gebrûk nommen wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)