Soad plysjebekeurings yn Smellingerlân en Opsterlân

26 apr 2015 - 12:22
  • (foto-ympresje)

De plysje hat 39 bekeurings útskreaun by in ferkearskontrôle yn Smellingerlân en Opsterlân. Twa bestjoerders moasten it rydbewiis ynleverje. In motorrider ried 150 kilometer yn de oere dêr't 60 it maksimum is.

Ien automobilist ried 190 kilometer yn 'e oere, dêr't er op syn hurdst 130 mocht. Oare hurdriders krigen ek in bekeuring. Wer oare autobestjoerders waarden ûnder oare trappearre op beljen mei de telefoan yn de hân ûnder it riden of op te ticht opriden op de foargonger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)