Soad planskea Opsterlân

25 mrt 2007 - 11:33

De gemeente Opsterlân moat 83.000 euro planskeafergoeding útkeare oan sân famyljes oan de Breewei yn De Tynje. Dy hiene by de gemeente beswier oantekene tsjin it útwreidingsplan de Riperwâlden, omdat se skea krije soene fan de huzebou dêr. Dy soe gefolgen ha foar har privacy en frije útsjoch.

In ûndersyksburo hat de beswieren ûndersocht en jout de minsken gelyk. It buro advisearret de gemeente om de skeafergoeding út te kearen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)