Soad planskea foar Dongeradiel

21 sep 2003 - 00:00

Dongeradiel hat de lêste trije jier foar inkelde tsientûzenen euro's útkeare moatten oan planskea. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan de gemeente, op fersyk fan de gemeenteried.

De lêste trije jier binne der mei inoar 18 claims binnenkaam. De gemeente hie ferline jier yn de regels opnaam dat de skea altyd ferhelle wurde koe op de inisjatyfnimmer fan in bouprojekt, mar neffens de Hege Rie mei dat net. De gemeente moat de skea no sels betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)