Soad plannen Ljouwerter Waach

02 sep 2000 - 17:01

De monumintale Waach yn Ljouwert krijt folslein in horekabestimming. Mar leafst fyftich minsken ha by de gemeente plannen yntsjinne foar de nije ynrjochting fan de Waach. Oer oardel moanne makket de gemeente dêr in kar út.

De nije horekagelegenheid yn de Waach moat ein dit jier út ein sette. Foar de gemeente stiet foarop dat it monumintale karakter fan it pân bewarre bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)