Soad persoansbewizen ynlevere

05 maaie 2014 - 11:06
  • Persoanbewiis Fersetsmuseum

De spesjale persoansbewizen-muorre yn it Fries Verzetsmuseum yn Ljouwert rint folle flugger fol as tocht. Der is romte foar rûchwei 500 persoansbewizen út de Twadde Wrâldoarloch, en der hingje op it stuit goed 400. Nei de ynleverdei fan sneon komme der nochris 40 by en dat betsjut dat de muorre hast fol is.

Neffens direkteur Hans Groeneweg fan it museum hawwe se de belangstelling yn it foar ûnderskat. Der wurdt neitocht oer wat der barre moat as de muorre fol is. Mooglik wurde ekstra persoansbewizen digitaal tentoansteld yn it museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)