Soad parttimers yn Noarden

08 mrt 2011 - 14:09

Noard-Nederlân is koprinner wat it persintaazje parttimers oanbelanget. 47 persint fan de wurknimmers yn Noard-Nederlân hat in parttime baan, sa docht bliken út ûndersyk fan it buro Integron yn Rotterdam. It suden fan Nederlân en de Rânestêd folgje mei respektivelik 38 en 34 persint.

Hast 4500 wurknimmers yn alve ferskate sektoaren fan de Nederlânske ekonomy waarden ûnderfrege. It giet ûnder oare om meiwurkers yn de bou, de soarch en de ict.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)