Soad partoeren op Bûnspartij yn Frjentsjer

25 maaie 2015 - 12:15
  • Keatsen telegraaf

Yn Frjentsjer stiet pinkstermoandei de Bûnspartij op it program. It NK haadklasse keatsen fan de manlju telt 59 partoeren. Troch nei de twadde list binne 30 partoeren wêrûnder dat fan Huzum mei Daniël Iseger en dat fan Sint-Jabik mei Taeke Triemstra en dat fan Mantgum mei Gert-Anne van der Bos.

Mantgum waard derôf slein troch Easterein en Van der Bos-en-dy hellen de tredde list net. Sint-Jakob is al troch nei de fjirde list troch fan Wytmarsum te winnen. Arum stiet ek al op de fjirde list om't it in steand nûmer hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)