Soad omwenners binne tsjin festivals Griene Stjer Ljouwert

01 apr 2015 - 23:01
  • Welcome to the Vilage 2014

Der is noch hieltyd in soad ferset tsjin de organisaasje fan trije festivals yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert. Dat die woansdeiteiûn bliken op in ynformaasjegearkomste fan de gemeente Ljouwert. Der wurde fan 't simmer mei-inoar sa'n 20.000 minsken op de trije meardaachse eveneminten ferwachte. De festivals geane troch, want de fergunningen lizze al klear. De bedoeling wie om de omwenners by te praten oer wêr't de organisatoaren krekt oan foldwaan moatte.

Sa moat de muzyk om trije oere nachts út en mei pas acht oeren letter wer oan.

Op snein mei pas om ien oere middeis wer muzyk makke wurde. It oantal desibels is op syn meast 80 en dat wie ferline jier ek sa. Dochs binne de minsken net tefreden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)