Soad omset VIHO fytslampkes

27 okt 2008 - 14:17

Wylst de hiele finansjele wrâld yn de ban is fan in driigjende resesje, fleach by it Ljouwerter bedriuw VIHO de omset dit wykein troch it plafond.

By it bedriuw ferkeapje se fia ynternet Deenske fytsferljochting fan it merk Reelight. Sûnder dat se it wisten stie der yn de Volskrant fan sneon in posityf ferhaal oer dy lampkes. It gefolch wie dat der tsien kear safolle bestellingen as gewoanwei pleatst waarden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)