Soad ôfwêzigen by SC Cambuur

24 feb 2011 - 15:52

Sportklup Cambuur mist freed tsjin Volendam in protte basisspilers. Bob Schepers en Robert van Boxel binne blessearre, Danny Guijt is skorst en Zdenko Kapralik gie fuort nei in klup yn Slowakije. Oguzhan Türk is noch in fraachteken, hy is licht blessearre.

Dat betsjut dat jongelingen Sicco Bouwer, Lucas Bijker en Frits Dantuma op de bank sitte. Sy spylje gewoanwei by A-junioaren fan FC Grins/Cambuur. Bouwer en Bijker spilen noch nea yn it earste, Dantuma foel al ien kear yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)