Soad Oerolgongers op 'e boat

11 jun 2010 - 16:49

Skylge stiet de kommende 10 dagen wer yn it teken fan teaterfestival Oerol. De ferwachting is dat mear as 50.000 minsken de oerstek nei it eilân meitsje. Yn it ferline smiet dat by de fearboat yn Harns noch gaotyske taferielen op. Mar dat foel freed ta.

De Oerolgongers sieten rêstich mei harren guod by it havenkantoar fan rederij Doeksen. Der wiene gjin lange rigen by de loketten, want alle kaartsjes foar de boaten fan freed moasten yn't foar reservearre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)