Soad oanrin foar Hakze

15 aug 2006 - 17:28

It projekt Colors of Music fan keunstner Dirk Hakze lûkt no al in soad besikers. Alle dagen komme der hûnderten minsken op it strân fan Hollum op Amelân.

Hakze is op 13 july úteinsetten mei it projekt. Doel is dat hy 71 panelen beskilderet en him dêrby ynspireare lit troch klassike muzyk dy't hy op it strân ôfspilet. De panelen moatte 24 septimber klear wêze en moatte dan ien gehiel foarmje fan 33 by 95 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)