Soad oanmeldings Burgernet

19 apr 2011 - 12:48

De ôfrûne twa wike hawwe har hast 5500 nije minsken oanmeld foar Burgernet. Op 7 april gie Burgernet fan start yn nochris acht gemeenten yn Fryslân. Mei elkoar dogge dêr no 19 gemeenten yn de provinsje oan mei. De 5500 oanmeldings binne boppe ferwachting, seit de plysje.

De measte oanmeldings komme oant no ta út de gemeente Hearrenfean. Dêr hawwe har goed 1200 boargers oanmeld. Yn Dongeradiel binne dat hast 700.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)