Soad oanmeldings artystereis

17 jul 2007 - 16:59
  • Tjeerd Henstra, earder yn it televyzjeprogram Faktor Freed

Foar in Fryske artystereis is in soad belangstelling. Oant no ta hawwe harren fyftich minsken opjûn foar in reis nei Egypte, mei ûnder oare de sjongers Tjeerd en Lytse Hille. Dêrneist soargje noch twa oare regionale artysten foar muzikaal fertier.

De reis is in Frysk inisjatyf. Der kinne maksimaal tachtich man mei. In oare spesjale gast is boer Gerrit fan it televyzjeprogram Boer Zoekt Vrouw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)