Soad oanhâldings yn Blije

01 jan 2009 - 10:21

Yn Blije binne yn de Aldjiersnacht 18 minsken oanhâlden omdat se de helptsjinsten it wurkjen ûnmooglik makken. De ME moast der oan te pas komme om de rêst werom te bringen, sadat de brânwacht syn wurk dwaan koe. Ek yn Burdaard, Ferwert en Drachten moast de plysje yngripe.

De plysje stekt de kommende tiid in soad wurk yn it ôfhanneljen fan alle oanjeftes fanwege de jierwiksel. Der wurde mear oanhâldings ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)