Soad oanfragen by wetterskip

25 jul 2001 - 00:00

Wetterskip Boarn en Klif kin amper oan de fraach foldwaan nei subsydzje foar it oanlizzen fan in wâlbeskoeiïng. De regeling is bedoeld foar partikulieren dy't oan de Fryske boezem wenje.

As minsken sels wâlbeskoeiïng oanlizze, kinne se dêr flink wat jild foar krije. Mar it jild dat it wetterskip foar dit jier útlutsen hat, is al op. Oanfregers moatte sadwaande geduld hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)