Soad nije sprekwurden betocht

07 jan 2003 - 00:00

Op de Fryske Sprekwurdewedstriid binne 1350 ynstjoering binnen kaam. De wedstriid is útskreaun troch it tematydsktift Taal fan de Afûk. Der wienen trije kategoryen.

Tsien sprekwurden wurde selektearre en de Fryske Akademy besjocht oft it wier om nije sprekwurden giet. Tekeners wurdt frege de siswize út te byldzjen. Fan in pear sprekwurden wurde kaarten makke dy't yn it tydskrift Taal komme. Dat ferskynt ein febrewaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)