Soad nije nammen op PvdA-list

05 nov 2010 - 17:17

Der steane in soad nije nammen op de PvdA-list foar de steateferkiezings fan maart. Jornt Ozenga stiet op plak 3 as beëage fraksjefoarsitter. Ek de Ljouwerter amtner fan it jier Ömer Kaya stiet yn de top 10.

De earste twa plakken binne foar bekende nammen. Sa stiet Hans Konst op it earste plak as listlûker en beëage deputearre. Jannewietske de Vries mei as nûmer twa kampanje fiere. Ek sy is beëage deputearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)