Soad nije klanten De Friesland

03 mrt 2006 - 15:56

De nije soarchfersekeringswet hat De Friesland de grutste groei út syn bestean oplevere. Yn trije moanne tiid hat de Ljouwerter soarchfersekerder 116.000 nije klanten krigen. Dêrmei sit De Fryslân no op hast in heal miljoen fersekerden.

It grutste part fan de nije klanten komt út Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân. De Friesland rekke 24.000 klanten kwyt oan oare fersekerders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)