Soad muskusratten yn Fryslân

16 aug 2001 - 00:00

Fryslân is koprinner yn Nederlân as it giet om it tal muskusratten dat fongen wurdt. Dat docht bliken út sifers fan de lanlike koördinaasjekommisje muskusrattebestriding.

Oer hiel 2000 binne der goed 57.000 bisten fongen. Súd-Hollân komt mei 48.000 op it twadde plak. Fryslân is al in skoftlang de provinsje mei de grutste populaasje muskusratten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)