Soad moles en gemalen iepen

04 maaie 2009 - 11:35

Wetterskip Fryslân docht mei in tal moles mei oan it nasjonale mole- en gemalewykein op 9 en 10 maaie. Under oare de Koarnwerter mole is iepen. Dêr binne âlde trekkers te sjen en der kin ek mei in pream fearn wurde.

Yn Boalsert is de Lonjémole iepen. Dêr kinne belangstellenden helpe de seilen op de mole te setten. It wetterskip Fryslân hat 25 molens dy't ynset wurde kinne by wetteroerlêst. De mûnen fan Aldtsjerk, Lytsewierrum en Húns binne allinnich op sneon 9 maaie iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)