Soad minsken Yndië-betinking

31 aug 2011 - 21:40
  • By de jierlikse Fryske Yndië-betinking yn Ljouwert waarden tsientallen krânsen lein

Hûnderten minsken hawwe woansdeitejûn de jierlikse Yndië-betinking besocht yn it Rengerspark yn Ljouwert. Yn it park binne de 168 manlju betocht dy't omkamen yn de oarloch yn Nederlânsk Yndië en Nij Guinea.

Yn it Rengerspark stiet in monumint mei dêrop de nammen fan de manlju. Alle jierren wurde der krânsen lein by dat monumint. De betinking luts neibesteanden, feteranen en harren famylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)