Soad minsken by rjochtsaak Awa

17 des 2004 - 12:13

De Ljouwerter rjochtbank is tongersdeitemoarn begûn oan de rjochtsaak tsjin de Ljouwerter Awa (17). Hy wurdt der fan fertocht dat er earder dit jier syn freondinne yn 'e brân stuts. It famke (16) rûn hjirby treddegraads brânwûnen op.

It proses tsjin Awa is iepenbier. Dat wurdt oars nea dien yn it gefal fan in minderjierrige fertochte. De rjochtbank docht it no wol fanwege 'de grutte maatskiplike opskuor' oer dizze saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)