Soad minsken by hennepsaak

11 apr 2014 - 13:58

Hast hûndert sympatisanten fan biologysk hennepkweker Doede de Jong út Appelskea ha harren freed oan it begjin fan de middei melden by de rjochtbank yn Ljouwert. De Jong is al ferskate kearen pakt troch de plysje en moat foarkomme. Doede de Jong is bekend fan it iepenlik bouwen fan hennep op syn buorkerij yn Appelskea. De sympatisanten binne ûnder oaren it Ferbûn foar Opheffing fan it Kannabisferbod.

De saak soe freedtemiddei om healve twaen begjinne, mar dit wurdt letter omdat alle oanwêzigen earst noch troch de scan moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)