Soad minimajild bliuwt lizzen

22 jan 2009 - 23:16

In soad Fryske gemeenten binne der noch net yn slagge om it ekstraatsje fan 50 euro foar minsken mei in leech ynkommen oan al dy minsken út te kearen. Se hawwe op it stuit noch tsientûzenen euro´s oer.

De kliïnten fan de sosjale tsjinst ha it jild allegear wol krigen. Mar oare minsken dy´t ek yn oanmerking komme, melde har lang net allegear. En dat wylst gemeenten bot har bêst dogge om se dêrop te wizen. Ek oare regelingen wurde te min brûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)