Soad melkfeehâlders hâlde op

24 aug 2004 - 16:17

Hieltiten mear melkfeehâlders komme yn de knipe troch de lege molkpriis. Dat seit lânbou-organisaasje NLTO. It grutste probleem is dat de kostpriis foar it produsearjen fan molke omheech gien is, wylst de opbringst allinnich mar liket te sakjen. Op dit stuit binne der yn Nederlân alle dagen trije melkfeehâlders dy't der mei op hâlde.

As de molkpriis sa leech bliuwt sille noch folle mear boeren ophâlde fan buorkjen, tinkt de NLTO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)