Soad meiwurkers Berkhof thús

13 jan 2010 - 10:39
  • Skets fan de nije bussen foar Dubai

By bussebouwer Berkhof op It Hearrenfean sit mear as de helte fan it personiel thús. De direksje hat it personiel frij jûn omdat de leverperioade foar in oarder foar mear as 500 bussen oan Dubai ferlingd is.

Dêrom hoecht no minder hurd wurke te wurden om bussen op 'e tiid te leverjen. Hûndert fan de mei-inoar 180 wurknimmers nimme op fersyk fan 'e direksje ATV-dagen op. De ekonomyske krisis treft Dubai hurd. Dêrtroch geane ek minder minsken mei de bus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)