'Soad medisinen fuortsmiten'

05 maaie 2006 - 10:09

Undersikers fan sikehûs MCL yn Ljouwert ha ûntdutsen dat der jierliks foar tonnen oan medisinen fuortsmiten wurdt. Dat komt om't fabrikanten de medisinen net effisjint ferpakke. Der sit faak tefolle fan ien medisyn yn ien ferpakking.

Ien kear oanbrutsen ferpakkingen kinne faak net mear brûkt wurde foar in oare pasjint. De ûndersikers fine dat de fabrikanten medisinen yn ferskate sterktes leverje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)