Soad maleur Fryske Dakarriders

07 jan 2007 - 12:10

It rallyteam fan Marcel_Schoo en Roelof_Koning út Wolvegea is sneon as 153ste einige yn de earste etappe fan de Dakarrally. Beide manlju waarden swier op de proef steld mei twa lekke bannen en in kapotte wetterpomp. Mar nei hiel lang wachtsjen op de helpfrachtwein koenen se mei harren jeep úteinlik dochs de finish helje.

Snein giet de etappe fan it Portugeeske Portimão nei it Spaanske Malaga.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)